Keatsclinic, jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver traine mei keatstoppers
Tiisdei 28 juny om 7 oere jûns op it sportfjild fan Mantgum , foarôfgeand oan de lotting fan de Jong Famme Party, krigen de jeugdleden ekstra keatsles.
Trije keatsters fan it earste en ienigste keatsteam ’’de Fjouwersprong’’ fersoarge de training.
De entûsjaste bern krigen in clinic jûn troch Afke Kuipers, Bianca van der Veen en Wiljo Sijbrandij.
Nei ôfrin krigen de bern yn de Wjukken wat te drinken. It wie in sukses en de kâns is grut dat, as we 5 à 10 jier fierder binne, fanút dizze goep, bern trochstrome nei de haadklasse. En dat is allegeare te tankjen oan dizze training, want se witte no hoe of it moat! Betanke team de Fjouwersprong
Geplaatst op 30 June 2011